Zo. 18 sept. 2016 - Ofsluting aksjewike Fryske Boek - Swalk mei ferhalen en musyk.

Swalk

De aksjewike 'Swalk' foar it Fryske boek slute 18 septimber ôf yn De Skierstins, mei musyk en ferhalen. De musykband Wiebe mei Wiebe Kaspers (sjonger; toetsen), Florian den Hollander (basgitaar) en Daan Slagter (slachwurk) stie op it poadium. Dat jilde ek foar de skriuwers Akkie van der Meer en Marga Claus, dy't har briefewikseling nei oanlieding fan it ferstjerren fan har partner yn 'Neiskrift' te boek steld hiene. Dit wie it Kadoboek fan de wike fan it Fryske Boek. Dan wie der ek noch Yke Reeder dy't it Berne-aksjeboek Wapper tekene en skreaun hat. It Kadoboek, te krijen by oankeap fan in Frysk boek, of it Berne-aksjeboek,  jilde as reisbewiis, sadat besitters fan sa'n boek fergees reizgje koene mei de trein of bus fanút Fryslân of de stêd Grins nei Feanwâlden. Yn totaal ha der sa'n 40 minsken west, in moai besette seal. Sjoch ek Webside SwalkFacebook - Frysk op toernee en Twitter - Frysk op toernee.